Oanriding brommers Ljouwert

27 aug 2014 - 10:55
  • Plysje

Yn Ljouwert is tiisdeitemiddei in 20-jierrige ynwenner út de stêd ferwûne rekke by in oanriding oan de Rengersleane. De jonge ried op syn brommer oer de dyk en botste tsjin in 18-jierrige Ljouwerter oan, dy't ek op in brommer ried.

De 20-jierrige ferklearre tsjin de plysje dat syn tsjinlizzer, nei it nimmen fan in bocht, op syn helte fan de dyk kaam. Neffens him ûntstie dêrtroch de oanriding. Hy is mei ferwûnings oan de skonk oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)