Oanriding by Aldehaske

22 okt 2006 - 15:12

Sneontemoarn hat der yn Aldehaske in oanriding plakfûn. In 55-jierrige automobilist út Aldehaske ried op de Dolten yn de rjochting fan Aldehaske. Hy moast útwike foar in auto foar him dy't ôfsloech.

Hy kaam op de oare dykhelte telâne en botste op in oare auto dy't út tsjinoerstelde rjochting kaam. De brânwacht moast de man út de auto befrije. Hy is mei klachten oan skonk en boarst nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)