Oanrandings yn Ljouwert

28 mrt 2007 - 10:49

De plysje docht ûndersyk nei twa oanrandings yn Ljouwert. It giet om twa froulju fan 59 en 21 jier. Sy waarden ferline wike yn de nacht fan tongersdei op freed oanranden troch in noch ûnbekende man. Dat barde yn de Aggemestate en de Bernard Zweerstrjitte. It wurdt net útsletten dat it by beide saken om deselde fertochte giet.

Nije wike tiisdei yn it programma Plysjepost omtinken foar dizze saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)