Oanpaste fartiden nei eilannen

04 feb 2011 - 12:19

Fanwege it ferwachte hege wetter troch de hurde wyn is de feartsjinst nei de measte Waadeilannen tongersdei oanpast. De boat fan en nei Skiermûntseach fart de jûns net.

De boat fan Skylge nei Harns en werom fart tongersdeitejûn ek net. Ynstee dêrfan giet der in ekstra boat om kertier foar fjouweren. Tusken Harns en Skylge fart de sneltsjinst in kear ekstra. De boat fan Flylân nei Harns om kertier foar fiven en fan Harns nei Flylân om sân oere giet ek net.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)