Oanpaste bus- en treintiden fanwege Himelfeartsdei

13 maaie 2015 - 19:52
  • Arrivabus

Wa't op Himelfeartsdei mei it iepenbier ferfier wol, moat by ferfierder Arriva rekken hâlde mei in oanpaste tsjinstregeling. Foar treinen jildt dan in sneontsjinstregeling, de bussen ride sa't se op snein ride.

Studinten dy't in wykabonnemint hawwe, krije op Himelfeartsdei fjirtich prosint koarting. Studinten mei in wykeinabonnemint kinne oant fjouwer oere nachts fergees mei bus en trein. De NS rydt op Himelfeartsdei ek neffens in sneinstsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)