Oanpast roaster foar topsporters

03 nov 2004 - 11:43

Topsporters dy't oan de Friese Poort studearje, krije mear rûmte fan de skoalle om har sport better te beoefenjen. It ynstitút foar middelber beropsûnderwiis hat hjiroer in oerienkomst sletten mei it Olympisch Steunpunt Noord-Nederland.

Fêstlein is dat de skoalle har ynsette sil foar begelieding en fasilitearing fan topsporters. Dit betsjut ûnder oare oanpaste roasters foar de sporters en begelieding op it mêd fan sport en iten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)