Oanpassings ôffaloven moatte ein dizze moanne bekend wêze

10 mrt 2016 - 15:26
  • De REC yn Harns

Foar begjin april moat dúdlik wêze hokker technyske oanpassings oft de REC yn Harns dwaan moat. De ôffaloven leit fan 1 april ôf stil foar ûnderhâld. Doel is dat yn dy perioade ek de earste oanpassings dien wurde.

In spesjale kommisje mei dêryn ûnder oare de gemeente Harns en de provinsje sil it proses begeliede. De kommisje sil ek besjen oft de ovenpiip heger wurde kin. Fierders moat de kommunikaasje better wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)