Oanpassing spoar Snits

13 apr 2008 - 12:05
  • ProRail komt mei foarstel oer stasjon Snits-Noard

Spoarbehearder ProRail komt takom moanne mei in finansjeel foarstel foar it nij te bouwen stasjon by Snits-Noard. De provinsje en ferfierder Arriva wolle op it spoar trije kear yn de oere in trein ride litte.

Hjirfoar moat it spoar oanpast wurde en ek moat der in nij treinstasjon boud wurde. It foarstel mei net heger útfalle as 5,5 miljoen euro, oars wol de provinsje net meibetelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)