Oanpassing fartsjinsten Skylge

29 jan 2014 - 13:54
  • De fearboat fan Rederij Doeksen nei Skylge

Rederij Doeksen past in oantal tiden fan syn fartsjinsten fan woansdei oan. Dat wurdt dien omdat it wetter leech stiet. De boat dy't gewoanwei om healwei ienen fan Skylge nei Harns fart, fart no pas om tweintich oere twaen fan it eilân. De boat dy't gewoanwei om trije oere fan Harns nei Skylge fart, set no pas om kertier foar fiven ôf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)