Oanpassing boykot Ruslân

20 aug 2014 - 19:58

LTO-bestjoerder Upt Hiddema fan Holwert is posityf oer it beslút fan presidint Poetin om in tal lânbouprodukten fan syn boykotlist ôf te heljen. It giet ûnder oare om molkprodukten, fitaminen en poaters. Foar boeren hjir is de iepenstelling fan jirpels in opstekker. Neffens Hiddema lit dit sjen dat Ruslân net sûnder dizze produkten kin.

Hy hâldt lykwols wol in slach om de earm. It bliuwt Ruslân en de sitewaasje kin samar wer feroarje, seit hy.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)