Oanpak yllegale konteners

08 feb 2006 - 22:47

De gemeente Wymbritseradiel sil it yllegaal gebrûk fan konteners mei hûssmoargens oanpakke. Op de nije jiskewein fan de gemeente komt in spesjaal stickersysteem om de net registrearre konteners op te speuren.

It gebrûk fan yllegale konteners begjint yn de gemeente grutte foarmen oan te nimmen. Op guon dagen wurde der soms hûnderten ekstra konteners lege. It liket derop dat in soad ynwenners yllegaal in twadde kontener kocht hawwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)