Oanpak swartriders helpt

10 nov 2003 - 00:00

De hurde oanpak fan notoire swartriders op treinen liket te helpen. Reizgers dy't mear as 25 kear betrape binne, krije sûnt juny in treinferbot. Dan hawwe se al in warskôgingsbrief meikrige. It plan fan oanpak is in inisjatyf fan NS, Noordned en justysje.

Moandei soe de earste swartrider foarkomme dy't him ek neat oanluts fan in treinferbot. Dat gie net troch om't it ferfier fan de fertochte nei de rjochtseal net regele wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)