Oanpak steile geul Flylân

14 jun 2007 - 13:58

Rykswettersteat begjint woansdei mei it ôfflakken fan de fargeul nei Flylân. In part fan 'e geul leit sa ticht by it eilân dat in stik dyk yn see driget te ferdwinen.

De geul hat in tige steile wand en dy wurdt no ôfflakt. Dat wurdt dien mei 150 tûzen ton stielslakken. Dy wurde oer in lingte fan 530 meter stoart. De hiele operaasje kostet 5 miljoen euro. Foar it stoarmseizoen, dat yn oktober begjint, moat alles klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)