Oanpak stank Rendac

28 mrt 2003 - 00:00

Rendac sil yn april oanpassings dwaan om it stjonken fan it fabryk werom te bringen. De feroarings kostje it destrukjsebedriuw yn Sumar sa'n fyftichtûzen euro.

Ut geurmjittings hat bliken dien dat it stjonken by Rendac net genôch ôfnommen is. Rendac hat mei de gmeeente Tytsjerksteradiel ôfpraat dat oar jier de stankoerlêst ta in beskaat nivo werombrocht wêze moat. Omwenjenden ha in soad lêst fan de stank.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)