Oanpak prachtwyk keallet swier

05 des 2007 - 09:33
  • "Oanpak prachtwyk keallet swier"

De oanpak fan Heechterp-Skieringen yn Ljouwert, ien fan de prachtwiken fan minister Vogelaar, ferrint muoisum. Dat skriuwe b. en w. yn in brief oan de ried. Neffens it plan moatte de Ljouwerter korporaasjes meiinoar tsien jier lang alle jierren 2,3 miljoen euro yn de wyk stekke.

De gemeente ûnderhannelt hjiroer mei de korporaasjes. It doel wie om hjir foar 1 desimber út te wêzen, mar dat wurdt no wol april 2008.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)