'Oanpak Ofslútdyk soberder'

11 okt 2010 - 20:57

De restauraasje fan de Ofslútdyk sil mooglik folle minder fernijend wurde as earst de bedoeling wie. Dat hat de deputearre fan Noard-Hollân oan 'e steatekommisje yn dy provinsje witte litten. Har Fryske kollega Tineke Schokker wol dat net befestigje, mar sy tinkt wol dat it mooglik is dat de plannen yn in langer tiidsbestek útfierd wurde sille.

Der binne noch gjin berjochten dat it ministearje allinnich nei it behâld fan de feilichheid sjen sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)