Oanpak oerlêst Snitser jeugd

18 des 2002 - 00:00

De oerlêst fan jongeren yn Snits moat oer trije jier de helte minder wêze. Dat is in ôfspraak tusken gemeente, plysje en jongerewurk. Earder wie it net dúdlik wa't ferantwurdlik wie foar de oanpak fan oerlêst.

Wykliks komme sa'n fiif klachten binnen oer lûdsoerlêst en fernielerij. De belutsen partijen ha ôfpraat dat se tenei geregeld oerlizze. Ek krije de klagers altyd te hearren wat de gemeente oan de klacht dwaan sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)