Oanpak oerlêst keamerferhier

19 jul 2011 - 20:13

De gemeente Ljouwert sil de oerlêst fan keamerferhierders oan it Fliet yn de stêd oanpakke. Fan 120 wenten wurdt ûndersocht oft de eigners harren skuldich meitsje oan strafbere feiten.

Op en om it Fliet is in soad oerlêst fan yllegale ferhier fan âlde, min ûnderhâlden wenten. By de oanpak dêrfan wurket de gemeente gear mei de plysje, iepenbier ministearje, belêstingtsjinst en oare ynstânsjes op it mêd fan feilichheid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)