Oanpak oerlêst jongeren

26 feb 2007 - 11:08
  • Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel

De gemeente Tytsjerksteradiel en de plysje sille jongeren dy't foar oerlêst soargje tenei folle hurder oanpakke. De bern krije gjin warskôging mear, mar wurde fuortendaliks op 'e bon slingere.

De nije oanpak hat it motto 'hangen okee, rottigheid nee'. Op posters en flyers wurde de nije regels útlein. Jongeren krije ek noch in brief mei dêryn de regels. Ek skoallen wurkje oan it projekt mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)