Oanpak oerlêst hoareka Dokkum

03 maaie 2002 - 00:00

De oerlêst fan de hoareka yn Dokkum sil oanpakt wurde. Dat hat it kolleezje fan B&W fan Dongeradiel tongersdeitejûn wite litten. By de plysje sil ûndersocht wurde oft der mear plysje-ynset mooglik is.

Ek sil de gemeente oerlizze mei de hoareka-ûndernimmers. Foar de wat langere termyn komt der in nij hoarekabelied. Dêrby sil ek sjoen wurde nei in ferpleatsing fan hoareka út it sintrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)