Oanpak oergewicht bern wurket

30 sep 2009 - 17:08
  • Oanpak dikke bern docht fertuten

De Fryske oanpak fan te dikke bern hat effekt. Dat sizze de GGD en Het Friese Land dy't foar dy oanpak soargje. Neffens har is it tal te dikke bern sûnt 2004 yn Fryslân net mear tanaam.

De Fryske oanpak bestiet derút dat bern troch skoaldokters kontroleard wurde op oergewicht. Mocht dat der wêze, dan wurde advizen jûn oer iten. Ek wurdt besocht bern mei projekten waarm te krijen foar sport. De oanpak giet de kommende jierren noch troch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)