Oanpak klimaat op skoallen

15 feb 2010 - 12:41
  • Klimaatproblemen wurde oplost

De gemeente Frjentsjerteradiel hat fan it Ryk goed 120.000 euro krigen om de klimaatproblemen op skoallen oan te pakken. Earder krigen ûnder oaren ek de gemeenten Ljouwert, Hearrenfean en Smellingerlân jild foar dizze problematyk.

Yn Frjentsjer sille sân skoallen opknapt wurde. It giet dan foaral om it ferbetterjen fan de fentilaasjemooglikheden. Ek wurde der enerzjybesparjende maatregels naam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)