Oanpak jeugd mei drank op

10 feb 2010 - 16:40

Der is in nije oanpak foar jongeren dy't mei drank op in misdriuw plege. Se kinne tenei foar straf telâne komme by de ferslavingssoarch. Dêr leare se wat alkohol mei ien docht.

De learstraf makket diel út fan in nije oanpak fan alkoholmisbrûk ûnder jongeren. Dêryn wurkje justysje, plysje, buro HALT en seis Fryske gemeenten gear. Ek de âlden wurde yn dit trajekt meinommen. De proef rint in jier yn ûnder oare Ljouwert. By sukses wurdt it yn Fryslân ynfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)