Oanpak Heechterp is súksesfol

05 aug 2013 - 15:35
  • It wyksintrum fan Heechterp-Skieringen
  • 'boartersfoarsjennings foar bern kinne better'
  • Ramon knapt de gersmeander fan syn buorfrou op
  • ôffal njonken de kontener wurdt net mear tolereard....

De oanpak fan 'e Ljouwerter achterstânswyk Heechterp-Skieringen is, oars as it sosjaal-kultureel planburo seit, wól in súkses. Dat seit it Ljouwerter riedslid Jelmer Staal fan de PvdA. Ferline wike publisearre it planburo de konklúzje dat it ynvestearjen yn de Vogelaarwiken net folle effekt hân hat. Neffens Staal giet dy konklúzje net op foar Heechterp-Skieringen. De wyk is de lêste jierren moai opknapt.

Yn it wyksintrum helpt in 'frontlijnteam' de bewenners mei allerhanne praktyske problemen lykas skuldsanearring en sosjale problemen.

Dy oanpak docht neffens Staal fertuten. Der wurde folle minder bewenners as foarhinne twongen harren hûs útset. Boppedat hoecht jeugdsoarch folle minder faak as foarhinne yn aksje te kommen. De sosjale kontakten yn de wyk binne ek better wurden troch projekten as de buerttún, it bewennersbedriuw en it wurkplak yn it wyksintrum. Staal fynt dêrom dat de gemeente Ljouwert trochgean moat mei de stipe oan de saneamde achterstânswiken. Hy tinkt dat de Vogelaaroanpak yn guon oare stêden fan Nederlân mislearre is, omdat de stipe dêr te gau wer ophâlden is.

De measte bewenners fine dat Heechterp-Skieringen derop foarútgien is. De bewenners fine it moai dat de wyk opknapt is en de ynset fan it frontlijnteam wurdt wurdearre. Likegoed binne der ek noch winsken foar de takomst: de foarsjennings foar de bern kinne neffens guon bewenners wol better. Jelmer Staal is sa goed oer de wyk te sprekken dat er deroer tinkt om nei Heechterp-Skieringen te ferhúzjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)