Oanpak glêdens It Hearrenfean

23 mrt 2014 - 15:21

Yn it sintrum fan It Hearrenfean wurdt de kommende tiid ûndersocht hoe't der it bêste wat dien wurde kinne tsjin glêde plakken yn de bestrjitting. By de gemeente komme klachten binnen oer de natoerstiennen dy't der al fjirtjin jier lizze. Om se wer wat stroefer te krijen wurde der op ferskate plakken mei skjir- en strieltechniken proeffakken makke.

De kommende tiid moat dúdlik wurde hokker technyk it bêste resultaat opsmyt. Ferfanging fan de stiennen is neffens wethâlder Broekhuizen net nedich en ek te djoer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)