Oanpak gebouwen giet troch

31 jul 2011 - 10:22

It projekt 'Aanpak rotte kiezen' fan Doarpswurk, krijt in trochstart. It projekt is yn 2007 begong om fertutearze gebouwen yn doarpen op te knappen. Yn 2010 kaam der in rapport oer de resultaten, wêrmei't it projekt ôfsletten waard.

Omdat der noch hieltyd in soad fertutearze gebouwen binne, hat Doarpswurk yn oerlis mei de provinsje besletten om fierder te gean mei it projekt. De provinsje hat al jild beskikber steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)