Oanpak foarkommen fan hierskulden yn Ljouwert docht fertuten

17 feb 2015 - 16:38

It konvenant 'Iedereen financieel fit!' fan de gemeente Ljouwert hat in posityf effekt. It doel is om earder yn te gripen as ynwenners fan de gemeente yn de skulden reitsje. Yn desimber is it konvenant ûndertekene en it smiet no al wat op.

Minder minsken binne sûnt de ûndertekening fan it konvenant harren hûs útset. Wenningkorporaasje Elkien wurket gear mei de sosjale wykteams om derfoar te soargjen dat jildproblemen by minsken earder sinjalearre wurde. Minsken binne bliid mei de help, sa seit Jilles de Wolf fan wenningkorporaasje Elkien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)