Oanpak fernielings op It Fean

26 jul 2011 - 16:26

Hearrenfean hopet mei it projekt 'Vat op Vandalisme' in ein te meitsjen oan fernielings yn de wyk De Greiden. Neffens sifers wurde dêr faker saken fernield as op oare plakken. De plysje en de gemeente wurkje gear yn it projekt en ek op de bewenners wurdt in berop dien. Dy wurdt frege fandalisme by de plysje te melden, it leafst op it momint sels sadat de dieders op 'e die betrape wurde kinne.

As it projekt in sukses wurdt, wurdt it útwreide nei oare wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)