Oanpak fernielerij Wolvegea

04 des 2009 - 20:25

Yn de gemeente Weststellingwerf wurdt hieltyd mear fernield en de plysje krijt dêr mar min grip op. De gemeente hat no in rezjyplan opsteld om it probleem goed oan te pakken. De plysje sil fan no ôf mear tasicht hâlde op tiden en plakken dêr't in soad fernield wurdt.

Ek sil de plysje mear kontakt sykje mei de jeugd dy't omhinget om sa in byld te krijen fan mooglike risikogroepen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)