Oanpak ferkearsprobleem Jellum

26 feb 2009 - 17:16

Yn Jellum sil in stêdeboukundige skets makke wurde om better ynsjoch te krijen yn de mooglikheden om de ferkearsproblematyk yn it doarp op te lossen. De ynwenners fan Jellum fine de ferkearssituaasje op de Hegedyk net feilich. Sa is der bygelyks tefolle ferkear en ride se te hurd.

De oplossings foar de koarte termyn moatte dêrby ek passe yn de oplossings foar de lange termyn. Dêrom is it ek wichtich dat der in totaalfisy makke wurdt foar it doarp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)