Oanpak fan ûnderwiisachterstân

14 mrt 2001 - 00:00

De achterstân yn it ûnderwiis yn Ljouwert wurdt oanpakt. Mei steatssiktaris Adelmund slút wethâlder De Haan in oerienkomst ôf. Sân skoallen yn 'e haadstêd dogge mei oan in projekt dêr't bern yndividuele taalbegelieding krije.

Yn it projekt is ek omtinken foar de taal fan pjutten yn de foarskoalske perioade. Oer fjouwer jier wurdt besjoen oft it projekt risseltaten opsmiten hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)