Oanpak drankmisbrûk kin better

17 nov 2003 - 00:00

Fral de hoareka op Skylge hat leard fan negative publisiteit. Dat docht bliken út ûndersyk fan STAP, de stichting foar alkoholprevinsje. It eilân kaam earder min yn it nijs troch drinkende jongeren.

STAP seach fan 't simmer nei hoareka, jongerekampings en supermerken. Disko's hâlden har kreas oan leeftydsgrinzen. Twa fan de fjouwer kampings dienen lykwols neat oan de kretten bier by de tinten en ek de supermerken hienen noch in grut oanbod oan alkohol.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)