Oanpak dieven yndustryterrein

24 nov 2008 - 20:15

De kâns om dieven en ynbrekkers op yndustryterrein Hearrenfean-noard oan te hâlden wurdt folle grutter troch it projekt 'Collectief Beveiligd'. Oeral op it terrein komme moderne kamera's, dy't fia de glêsfezelkabel mei kompjûters kommunisearje kinne. Bygelyks oer kentekenplaten fan auto's.

It giet om in inisjatyf fan de gemeente Hearrenfean, de plysje en de ûndernimmers. Der is yn Nederlân in soad ûnderfining mei dit projekt en it tal ynbraken rint dêr dan ek werom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)