Oanpak beunhazen kompjûterbransj

17 aug 2004 - 16:48

Beunhazen yn de kompjûterbrânsj wurde oanpakt mei in nij karmerk. Twa Fryske kompjûterbedriuwen krije dat karmerk tiisdei en woansdei foar it earst. It giet om in bedriuw yn Burdaard en ien op It Hearrenfean.

Der binne no earst sechtsjin bedriuwen dy't har by it saneamde CT-Garant oan- slute. Dat moatte op termyn 400 wurde. Mei it karmerk wol CT-Garant berikke dat kompjûterwinkels mear regelje op it mêd fan garânsje en reparaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)