Oanpak Antillianen wurket

01 jul 2009 - 23:04

De oanpak fan jonge Antillianen yn Ljouwert liket oan te slaan. De skoalútfal is de lêste jierren tritich prosint minder wurden. Ek bedarje se minder faak op it kriminele paad. Dat oantal is mei de helte ôfnaam.

It blykt yn 'e praktyk wol dreech om jonge Antillianen oan it wurk te krijen. Fan de fyftjin jongeren dy't meidiene oan it bûsjildprojekt fan de gemeente ha mar twa har baan hâlde kinnen. Oare groepen jongeren, lykas Turken en Marokkanen, skoarden heger.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)