Oanpak agressy yn sikehuzen

30 okt 2004 - 11:55

Fryske sikehuzen sille agressy fan pasjinten tsjin personeel oanpakke. Tongersdei is dêrfoar in spesiaal projekt úteinset. It doel is de feiligens fan besikers en meiwurkers te fergrutsjen.

De lêste jierren nimt it tal gefallen fan agressy yn Fryske sikehuzen ta. It ferbale en fysike geweld komt benammen fan pasjinten dy't lang wachtsje moatte op help. Meiwurkers dogge faak gjin oanjefte út eangst foar represailles.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)