Oannimmer út Noard-Hollân ferbout stasjonsgebiet Ljouwert

20 jan 2016 - 15:23
  • In ympresje fan it fernijde stasjongebiet
  • De fontein nei ûntwerp fan Jaume Plensa

Oannimmersbedriuw K. Dekker út Noard-Hollân nimt de werynrjochting fan it Ljouwerter stasjonsgebiet foar syn rekken. Dat bedriuw kaam by de oanbestegingsproseduere it bêste út de bus. De kommende wiken wurdt it plan fan de oannimmer fierder útwurke.

It wurk sil nei alle gedachten ein maart begjinne en moat yn augustus 2017 dien wêze. Dan is it gebiet tusken it stasjon en de binnenstêd autofrij, stiet der in nij busstasjon en is der in plantsoen mei in mistfontein oanlein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)