Oannimmer jout skoalbern foarljochting oer feiligens

08 okt 2015 - 09:02
  • Skoalbern krije foarljochting oer feiligens by bouferkear
  • De bern krije ek foarljochting yn de klasse

In oannimmer jout skoalbern yn Surhústerfean les yn feiligens by wurk oan de dyk. Oannimmer KWS hat de opdracht binnenhelle op betingst dat se de bern foarljochting jouwe. It wurk oan de drokste ferkearswei yn Surhústerfean begjint moandei. De Blauhústerwei, de Dimpte Feart en de Jan Binnesleane krije in opknapbeurt ynklusyf rioel.

De bern dy't foarljochting krije, sitte op De Bernebrêge, De Hoekstien en It Skriuwboerd. De oannimmer set ek in frachtauto yn by de foarljochting.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)