Oanmelding H'fean foar WK

08 nov 2007 - 14:22
  • It Abe Lenstra-stadion

Sportklub Hearrenfean hat him oanmeld as spylstêd foar it Wrâldkampioenskip fuotbal. Dat soe betsjutte dat it Abe Lenstra Stadion dan útwreide wurde moat fan 26.000 sitplakken oant 40.000 stuollen.

Nederlân en België besykje harren meiïnoar kandidaat te stellen foar it WK yn 2018. Earder hie ûnder oare Grins him al kandidaat steld as spylstêd. It wrâldkampioenskip fan 2014 is yn Brazilië.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)