Oanmeld foar alkoholslot

23 aug 2012 - 10:43

In 21-jierrige automobilist út Drachten is woansdeitenacht yn syn wenplak betrape op riden mei tefolle drank op. Neist dat syn rydbewiis ynnaam is, wurdt de man ek oanmeld foar in alkoholslot. Dat betsjut dat er op syn minst de kommende twa jier allinne ride kin as er net tefolle dronken hat. Ek moat er in kursus folgje. De kosten dêrfan en fan it ynbouwen fan it alkoholslot moat er sels betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)