Oanlizzers NW-tangent bekend

03 feb 2011 - 10:40

Twa oannimmers hawwe fan de provinsje de opdracht krige om de nije dyk tusken Stiens en Marsum oant te lizzen. KWS Infra en Van Hattum en Blankevoort meie it wurk dwaan. Se hiene it skerpste oanbod dat oan 'e easken foldie. Twa oaren koene noch goedkeaper, mar foelen bûten de easken.

De provinsje kin noch net sizze wannear't it wurk oan 'e Noardwesttangent út ein set. De dyk moat úteinlik op 15 november 2013 oplevere wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)