Oanlis wynmûnepark Iselmar by Makkum giet troch

01 jul 2015 - 13:40
  • Wynmûnen yn it wetter

De oanlis fan in wynmûnepark yn de Iselmar by Makkum giet troch. De Twadde Keamer hat woansdeitemiddei in moasje fan it CDA om de mûnen op en by de Ofslútdyk te pleatsen fersmiten. De Fryske PvdA Twadde Keamerleden Lutz Jacobi en Jacques Monasch ha de moasje fan it CDA wol stipe.

De rest fan de PvdA fraksje en de VVD stimden tsjin. Hjirtroch wie der úteinlik gjin mearderheid. Ek it foarstel fan de SP om op te hâlden mei mei alle wynmûneprojekten yn Noard-Nederlân krige gjin mearderheid yn de Keamer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)