Oanlis Suderseeline stiet faai

21 jan 2006 - 13:54

De oanlis fan 'e Suderseeline is ûnwis. It kabinet hat besletten dat alternativen ûndersocht wurde moatte. It kabinet giet der fanút dat twa saken oplost wurde moatte: de ferkearsproblemen yn de Ranestêd en it ferbetterjen fan de noardlike ekonomy. It kabinet wol it ûndersyk nei alternativen no útwreidzje. Sa soe de ekonomy yn it Noarden in ympuls krije kinne troch te ynfestearjen yn kennisynfrastruktuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)