Oanlis spoar djoerder

09 des 2011 - 21:00

De kosten fan de oanlis fan it spoar tusken It Hearrenfean en Grins falle mei 700 miljoen euro djoerder út as earder tocht. Der is 577 miljoen euro beskikber. Earder is sein dat dat genôch wêze soe.

De provinsje en de belutsen gemeenten hawwe der freed oer praat. By dit oerlis kamen mear fragen nei foaren, lykas oer de oansluting fan de treinen op de streekbussen. Earder dizze wike waard bekend dat it ûnderhâld sân miljoen euro djoerder útfalt. De sifers wurde nochris goed neisjoen. Yn jannewaris of febrewaris is der mear bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)