Oanlis rûnwei om Snits is begûn

31 mrt 2001 - 00:00

Steatssiktaris Ybema joech sneontemoarn it startskot foar oanlis fan de eastlike rûnwei om Snits hinne. Troch de dyk kin it ferkear nei De Jouwer tenei om de wetterstêd hinne. De wei mei akwadukt kostet 55 miljoen gûne.

De binnenstêd fan Snits hat troch de dyk yn de takomst ek minder te lijen fan it ferkear. De gemeente wol it histoaryske sintrum ek opknappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)