Oanlis rotondes Marsum útsteld

21 nov 2008 - 15:02

De provinsje begjint pas nije wike mei it oanlizzen fan twa rotondes yn de autodyk by Marsum. It wurk soe freedtejûn al begjinne, mar is útsteld fanwege it minne waar.

De rotondes komme by de oanslutings fan de op- en ôfritten fan de A31 op de autodyk. Op dy oanslutings binne geregeld ûngelokken. It is it doel om de rotondes yn trije wykeinen oan te lizzen as it waar it talit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)