'Oanlis NW-tangint trochsette'

24 apr 2009 - 13:05

De ried fan Menameradiel wol dat de oanlis fan it Noardwestangint by Ljouwert útfierd wurdt sa't ôfpraat is. In moasje dêroer is tongersdei troch de riedsfraksjes unanym oannaam.

Ferline wike makke de provinsje bekend dat de dyk tusken Stiens en Bitgummole net 22 mar 40 miljoen euro kostje sil. Belangrykste reden foar dat ferskil is in flater by de berekkening fan de oanlis fan trije autotunnels. Yn Menaam fine se dat dat feit gjin oanlieding foar fertraging wêze mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)