Oanlis NW-tangint giet troch

15 aug 2007 - 11:37
  • NW-tangent

De provinsje hat gjin flaters makke by it bestimmingsplan foar de nije dyk tusken Stiens en Marsum. Dat hat de Raad van State woansdei sein. De Raad hat him oer it noardwest-tangint bûchd op fersyk fan Milieudefinsje en de Stichting Great Terherne, dy't op de komst fan de dyk tsjin binne.

Neffens Milieudefinsje en de stichting soe de provinsje ferkearde sifers brûkt hawwe, mar de Raad van State hat de provinsje yn it gelyk steld.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)