Oanlis nij plein yn Appelskea

26 nov 2013 - 11:11
  • Ympresje fan it nije plein oan de Boerestreek yn Appelskea

Yn Appelskea begjint tiisdei de oanlis fan in nij plein oan de boskrâne oan de Boerestreek. Sûnt de ferhuzing fan attraksjepark Duinenzathe en it besikerssintrum fan Steatsboskbehear is it stil wurden oan de Boerestreek. It besikerssintrum sit yn in nij gebou oan de râne fan de bosk.

Foar de simmer fan 2014 moat it nije plein klear wêze. Dêrnei kinne ûndernimmers mei in fierdere ynfolling fan it nije plein komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)