Oanlis lûdswâl A32 begjint wer

10 maaie 2012 - 21:19

It wurk oan de lûdswâl oan de A32 by Oranjewâld giet dizze simmer fierder. It oanlizzen fan de wâl kaam ein ferline jier stil te lizzen, omdat der gjin grûn beskikber wie. Dat komt omdat der amper noch boud wurdt yn Nederlân.

It ôfmeitsjen fan de lûdswâl sil no yn koarte tiid dien wurde, om de oerlêst foar it ferkear en de omjouwing sa beheind mooglik te hâlden. Doel is dat it wurk uterlik 1 novimber klear is. Neidat de grûn ynsakke is, sil de wâl hjerst takom jier beplante wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)